Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 2

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 2

17 Novimber 2000

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel twa fan in searje oer wenjen. Jildou Hoitsma fertelt oer de struktuer fan in wenplak. Se lit de ferskillen sjen tusken de havenstêd Harns, dat in âlde stêd is, en it turfdoarp Nij Beets, dat in jonger plak is. Se praat mei Hugo ter Avest fan Museum Het Hannemahuis yn Harns en mei Fokke Veenstra fan museum It Damshûs yn Nij Beets. Fierder lit arsjitektuerkenner Peter Karstkarel sjen datst oan de bûtenkant fan de huzen sjen kinst yn watfoar perioade oft it hûs boud is.

180703_SADWAANDE_17_06_1998.mp4

Sadwaande: kompjûter, wenje yn in rekreaasjewenning, rjochtbank (diel 4) en wurk (diel 9)

17 Juny 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige oer de rjochtbank it wurk fan de rjochter-kommissaris. Yn de searje oer wurk binne beide froulju dy't we folgje bliid dat se wurk fûn ha. We sjogge yn Aldeberkeap, dêr't in konflikt is omdat minsken permanint yn rekreaasjewenten wenje. En wat komt der sjen by it keapjen fan in nije kompjûter?

LTV_BYLDMAKKERS_170199_WR

Byldmakkers

17 Jannewaris 1999

We folgje trije ûntwerpers: Johan de Boer is meubelmakker. Hy is frege in stamtafel te ûntwerpen foar hegeskoalle NHL. Ella Wiersma en Cynthia Kooi binne moade-ûntwerpers. As Cyell meitsje se badpakken en bikinys. Gert-Jan Slagter is grafysk foarmjouwer. Hy makket ûnder oare affysjes. Se fertelle allegear oer har wurk, har passy.