Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0202: It Geheim diel 2

Baas Boppe Baas 0202: It Geheim diel 2

01 Jannewaris 2002

Afke fynt in mystearje dat yn it hûs Baas spilet. Joukje wol graach iepen kaart spylje. Mar Beant ferbiedt it har...

LTV_DUALISME_040404_WR

Stoom afblazen - dualisme yn de provinsje Fryslân

04 April 2004

In jier lyn waard it dualisme yn de provinsjale polityk ynfierd. Tenei bepale de Steaten it belied en fiere de deputearren dat út. It proses giet mei fallen en opstean, kostet in hoop jild en fral in hoop tiid. Foar- en tsjinstanners komme oan it wurd en beide kanten fan it systeem: deputearren Jan Ploeg, Ton Baas en Bertus Mulder en steateleden Johannes Kramer (FNP), Marianne van Hall-Disch (CDA), Bert Versteeg (PvdA) en Otto van der Galiën (KristenUny/SGP).

LTV_KEUNST_FAN_IT_WENJEN_2

De keunst fan it wenjen

28 Maart 1992

Hieltyd mear partikulieren wolle sels in frijsteand hûs bouwe. Op de wenbeurs hearre we wat minsken sykje en moai fine. Makelers, projektûntwikkelers en oannimmers wolle it wurk graach dwaan, mar arsjitekten binne net bliid mei dizze ûntjouwing. Minsken assosjearje arsjitektuer faak mei nuver, djoer en útwrydsk mar dat hoecht net. In arsjitekt sjocht ek nei de omjouwing. We sjogge ek by in tal hûzen, ûnder oare yn Wiuwert, De Wylgen en Fûns en it plan foar it Troelstrapark yn Ljouwert mei kubusachtige wenningen.