Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 04: Cambuur 69 - Blokzijl

7de klasse A 04: Cambuur 69 - Blokzijl

30 Septimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Cambuur 69 - Blokzijl 3-6. Foarsitter Blokzijl klaget oer minne ûntfangst.

LTV_EMIGRANTEN_1

Emigranten: Tusken Kanada en Fryslân

04 Septimber 1994

We sjogge yn dit programma by Friezen yn Kanada. Alle jierren treffe sa'n 3.000 Friezen inoar sûnt 1968 yn Ontario op de Friezendei. Se sjonge Fryske lieten, keatse en kinne Frysk guod keapje. Oprjochter en foarsitter is Luut Miedema, oarspronklik fan Bûtenpost, no hat er in grut slachtersbedriuw. We folgje him, ek as er werom is yn it heitelân en dêr âld-Ynjegongers treft en by Teake van der Meer delgiet om te freegjen oft er op toernee troch Kanada wol. Ek mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer emigraasje en de Holland-Amerikalijn.

LTV_FRYSK_FILM_FERLINE_2_WR

Frysk Film Ferline (2)

16 Juny 1996

Geart de Vries praat mei Anneke van Renssen fan it Frysk Filmargyf oer peareltsjes út de kolleksje. Der binne fragminten te sjen fan in bedriuwsfilm fan Frico, mei Frico de wrâld oer, ien fan de djoerste films makke, út 1938. Ek sjogge we bylden fan de Lânboutentoanstelling yn 1947 mei keninginne Wilhelmina, in film fan Gerrit Aalfs, noch in bedriuwsfilm (1950) mar no fan de Condens mei yn ien fan de haadrollen Kees Brusse en in film fan Hein Faber oer de fiskerij op de Iselmar.