Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Kwintetten

Sjoch mar: Kwintetten

22 Desimber 1997

Yn dizze útstjoering fan Sjoch Mar: in kwintettentoernoai yn it Hearrenfean.

LTV_SCI_131298_WR2

SCI

13 Desimber 1998

SCI is in Amerikaansk bedriuw dat op It Hearrenfean komt (by it Megapark), it bedriuw assemblearret kompjûters. Der soenen 1000 minsken oan it wurk kinne en nochris mear yn de taleveransierssektor. De polityk en de fakbûnen ha nochal wat fragen oer de kwaliteit fan de wurkgelegenheid. Tal fan partijen komme oan it wurd.

180710_SADWAANDE_SLIEPE_27_10_1999.mp4

Sadwaande: Sliepe

27 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer sliepen. We sjogge op it sliepsintrum yn MCL dêr't pasjinten mei sliepklachten, lykas apneu, ûndersocht wurde. Tal fan spesjalisten fertelle oer har fakgebiet en de relaasje mei sliepe, lykas de neurolooch, fysioterapeut en apteker. We prate ek mei minsken dy't yn ploegetsjinst wurkje, dus nachts wurkje moatte. Hoe fine se dat? It duo Prinses op learzens kin ek net sliepe.