Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Beb Mulder en amateurtoneel

Spegels: Beb Mulder en amateurtoaniel

01 July 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: in portret oer dekôrbouer Beb Mulder en de foarstelling 'in bysûndere dei' fan amateurtoanielspilers.

LTV_HOUTWALEN_DOBBEN_100598_WR

Houtwâlen, dobben en elzesingels

10 Maaie 1998

Houtwâlen komme in soad foar yn de gemeenten Achtkarspelen, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel. It binne begroeide ierden wâlen om boerelân hinne, se soargje foar in kûlizelânskip. De begroeiïng op de wâl is belangryk foar floara en fauna, mar se binne net altyd ûnderhâlden en dat wurdt no wer oppakt. Pingoruïnes, markes yn it lân, binne yn de lêste iistiid ûnstien. Dobben binne lang sa âld net, mar ek dêr is wer omtinken foar. Lykas foar de elzesingels dy't wer ûnderhâlden wurde moatte.

Sybe Satellyt 0802

Sybe Satellyt 0802

30 Septimber 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Sake Roodbergen dy't yn San Diego yn Amearika by allegear kaktussen sjocht.
Fierder in reportaazje oer Laurens-Jan Sipma dy't sjongles krijt fan Meindert Bosklopper en we sjogge by de Akkrumer houthannel en seagerij dêr't se fan beammen út de bosk planken seagje.