Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_NORMAAL_OARS_WEROMROP

Normaal Oars

08 Novimber 1992

Yn dit programma sjogge we by de soarch fan ferstanlik beheinden. De lêste jierren is mear ynset op lytsskaligens, mear privacy en yntegraasje yn de maatskippij. We folgje Edzer van der Veen, bewenner fan Borneroord yn Beetstersweach. Dêr wurdt ynset op soarch op maat en it fergrutsjen fan de selsstannichheid. Hy hat in eigen keamer, mar yt mei de groep mei in begelieder. Syn wurk is post rûnbringe en we sjogge him ek yn de maneezje. Begelieders fan Borneroord fertelle oer har wurk.

LTV_WRAKKEN_SKROAT_SKROT_WR

Wrakken, skroat en skrot

17 Novimber 1996

We sjogge achter de skermen by de autosloperij. By demontaazjebedriuwen wurde de auto's útinoar helle en tal fan brûkbere ûnderdielen kinne wer brûkt wurde, oare stikken wurde ferneatige. Der is in goeie hannel yn de banne-yndustry.

Sjoch Mar: Fierljeppen

Sjoch Mar: Fierljeppen

28 July 1997

Simone Scheffer is by it fierljeppen op It Heidenskip dêr't in ynternasjonaal dielnimmersfjild yn de pols klimt. Simone weaget sels ek in sprong.