Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0203

ABD-sjoo 0203

19 Novimber 2002

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ôflevering nimt de Trieme Beetstersweach it op tsjin de Twirre út Oerterp.

LTV_Portret-Jan-Tekstra_WR

De ideale noat: portret fan Jan Tekstra

08 Juny 2008

Hy krige de Musical Award foar de muzyk fan Turks Fruit, skreau hits foar Marco Borsato, wie sjonger fan popgroep De Kast, makke trije solo-albums en wie ôfrûne simmer sa drok mei fan alles en noch wat, dat hy amper tiid hie foar syn grutte passy: it silen. Jan Tekstra akteart, skriuwt, sjongt en jout les oan sawol de Popakademy as oan de jonge silerkes fan Heech.

LTV_ANARGISME_YN_APPELSKEA

Anargisme yn Appelskea

04 Juny 1995

Fan âldsher kamen de anargisten mei de pinksterdagen yn Appelskea by inoar. Yn 1933 wienen dat de Vrije Socialisten dy't anty-militaristysk wienen en gjin alkohol brûkten. No komme tal fan minsken noch nei de Pinksterlanddagen, se binne begien mei natuer en miljeu en noch altyd links yn tinken. Besikers fan no en earder fertelle deroer.