Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0201: Grutte omkear

Tritigers 0201: Grutte omkear

02 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it earste diel fan de twadde searje sjogge we by repetysjes fan de nije De Kast. Jan Tekstra, 38 jier, hat Syb opfolge as frontman.

LTV_KEUNSTNERS_OP_PELGRIMAAZJE_180600_WR

Keunstners op pilgrimaazje

18 Juny 2000

Yn oanrin nei de grutte Friezereüny fan Simmer 2000 is it foar it Frysk Festival it projekt Pylgers nei Fryslân betocht, mei as tema pilgrimaazje: 'mei de holle yn de wolken en de fuotten op ierde'. Byldzjend keunstners makken wurk yn gearwurking mei in oare dissipline. We folgje in pear projekten. Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makket mei musikus Klaas Hoek wynfangers yn it lân by de Hemdyk.

LTV_WETTER_YN_DE_MACHT

Wetter yn 'e macht

14 Novimber 1993

Mei it each op de kommende wetterskipsferkiezingen sjogge we wat it wetterskip docht en hoe't dat feroare is. Earder hienen de boeren it benammen foar it sizzen, no wurdt wetter mear fan alle ynwenners. Earder wienen mear as hûndert lytse wetterskipkes dwaande mei it soargjen foar drûge fuotten, no binne der alve boezemwetterskippen en sûnt koart ek it nij oprjochte Wetterskip Fryslân, mei taken as polderbehear, kearen fan seewetter en muskusrotbestriding. We sjogge ûnder oare by de wurking fan it Woudagemaal en de slûs by Lauwerseach dy't it wetterpeil beheare kinne.