Keunstners op pilgrimaazje

18 Juny 2000

Yn oanrin nei de grutte Friezereüny fan Simmer 2000 is it foar it Frysk Festival it projekt Pylgers nei Fryslân betocht, mei as tema pilgrimaazje: 'mei de holle yn de wolken en de fuotten op ierde'. Byldzjend keunstners makken wurk yn gearwurking mei in oare dissipline. We folgje in pear projekten. Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra makket mei musikus Klaas Hoek wynfangers yn it lân by de Hemdyk. Byldzjend keunstner Auke de Vries makket mei teätermakker Hilde Mulder in 'Frysk leger', en skriuwer Douwe Kootstra betocht teksten op de dakken fan boereskuorren dy't mei swarte dakpannen te lêzen binne, in projekt fan keunstners Mark Bunder en Patrick Gofre. En by Tichelaar yn Makkum wurde 300 'koppen' makke en beskildere as reisalter, in projekt fan keunstner Nicolaas Dings.