Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_BONIFACIUS_120904_WR

Bonifacius, de opera

12 Septimber 2004

We sjogge by de tariedingen en repetysjes fan de moderne opera oer Bonifatius dy't yn 754 by Dokkum fermoarde waard. Annet Andriesen is de producer, Henk Alkema de komponist en Peter te Nuyl de regisseur en librettist.

Sybe over the world 1 Suriname

Sybe over the world 1 Suriname

14 April 1998

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht dat Lourens van der Leij allerhanne skoalmateriaal ynsammelet. Dat giet nei skoallen yn Suriname dy't it wol brûke kinne. Sybe sjocht yn Suriname by skoallen, by fiskers en leart hoe't de wetterlieding wurket. En Sybe giet sels ek nei Suriname en praat mei skoalbern.

Tûkelteammen 0101

Tûkelteammen 0101

01 Oktober 2002

Yn dit programma wurde twa teams fan twa minsken ferge op harren kennis fan it Frysk. It giet dan om de skriuwwize, mar ek binne der fragen oer de komôf fan guon Fryske wurden, de etymologyfragen. Kandidaten fan team 1: Henk Kroes en Arjen Hut; team 2: Frederike Kleefstra en Hendrik Kingma.