Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch Mar: Tennis

Sjoch Mar: Tennis

11 Augustus 1997

Arjen de Boer is by it tenniskampioenskip yn Beetstersweach. Der binne gjin skiedsrjochters en ballejonges en nei ôfrin fan de wedstriid moatte de spilers sels de baan feie.

180713_SADWAANDE_OER_FEESYKTES_08_03_2000.mp4

Sadwaande: Feesyktes

08 Maart 2000

Dizze Sadwaande giet oer feesyktes. Strange regels moatte derfoar soargje dat syktes by bisten opspoard en ferholpen wurde. We rinne mei in feedokter mei dy't by de kij sjocht. We sjogge by it wurk fan de Sûnenstsjinst foar bisten, by de slachter en yn de supermerk dêr't suvel goed kuolle wurde moat. En we sjogge by IPC Dier yn Oentsjerk en by it opheljen fan de molke by de boer.

Lûd: Putrid Remnants

Lûd: Putrid Remnants

24 Novimber 2004

Muzykprogramma dat op in kreative wize in byld sketst fan Fryske jongerein yn de muzykwrâld. It programma is makke troch studinten fan de oplieding Kommunikaasje oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Yn eltse ôflevering wurdt achter de skermen sjoen by bandsjes út de regio. De dielnimmende bands binne: Alphaband, Jitiizer, Putrid Remnants, In Limbo en Melanocaster.