Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Oare Fryslân 4: Fort yn East-Fryslân

It Oare Fryslân 4: Fort yn East-Fryslân

19 Desimber 1999

It Oare Fryslân is in fjouwerdielige rige oer East-en Noardfryslân. Yn diel fjouwer stiet de East-Fryske taal sintraal. Dr. Marron Fort giet op taalûndersyk yn East-Fryslân.

LTV_WALDRINNER_JAAP_LOUWES_WEROMROP

Wâldrinner Jaap Louwes

27 Desimber 1992

In portret fan sjonger Jaap Louwes fan Haulerwyk. Hy is sjonger fan Bricquebec, mar treedt ek solo op. We sjogge by him thús, ûnderweis op de brommer mei de gitaar op de rêch en by studio-opnamen. Ek sjogge we him solo optreden yn in kroech, en mei de band yn in tinte. Hy fertelt oer syn leafde foar muzyk en de Fryske taal. Omroppresintator Gurbe Douwstra hat him yn de studio en is fan. Publyk mei oer syn muzyk om't er gewoan is en yn begryplike taal sjongt.