Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Ljocht Op: Bjinse Wolters

It Ljocht Op: Bjinse Wolters

31 Maaie 1996

Yn petear mei fierljepper Bjinse Wolters. We sjogge hoe't er thús traint.

SADWAANDE_080502_LYTSEMUSEA

Sadwaande: Lytse musea

08 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer lytse musea. Fryslân hat tal fan lytse musea. Sûnt koart kinne se yn de beneaming komme foar in kwaliteitskarmerk. Oer wat de betingsten dêrfoar binne, hearre we fan museumkonsulint Mirjam Pragt. We sjogge ek by wat lytse musea: rock'n'rollmuseum yn Arum, it Damshûs yn Nij Beets en it Admiraliteitshûs yn Dokkum. Floris wol har museum ek oanmelde foar it karmerk.

Fan fan: Wout Zijlstra

Fan fan: Wout Zijlstra

10 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt sterke man Wout Zijlstra it himd fan it liif frege troch René Hijlkema (13 jier) út Drylts. Se treffe elkoar op de Highland Games.