Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LEAN_NEI_WURKJEN_050496_WR

Lean nei wurkjen

05 Maaie 1996

Programma oer fleksibele arbeid, hieltyd mear minsken wurkje op freelance-basis. We sjogge in fotosjoernalist oan it wurk en in boatebouwer dy't goed buorkje. Der binne ek neideilen, sa as we sjogge by ien dy't gjin fêst kontrakt krijt en hieltyd mar wer sollisitearje moat. Ek krije flekswurkers minder betelle.

LTV_HEINS_GITAARBOUWER_161103_WR

De stim fan de gitaar

16 Novimber 2003

Massoud Memar Nezhad út Iran learde gitaarbouwer Wim Heins kennen en makke dizze film oer him. We folgje it hiele proses, fan it útsykjen fan it goede hout oant it bespyljen troch de bekende gitaarfirtuoas Jan Akkerman.

Wurktiid TV: Aquanaut jachtbou

Wurktiid TV: Aquanaut jachtbou

16 Oktober 1996

Yn Wurktiid TV is foarman stiel by Aquanaut yn Snits de baan fan de wike. Yn bedriuwsnijs sjogge we by Van der Zalm yn Wolvegea. En der wurdt wat ferteld oer Jong Ondernemerschap.