Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0801

Sybe Satellyt 0801

02 Septimber 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering giet Sybe nei de wrâldwinkel fan Rigt-Marie Zijlstra dy’t al har spul út Tanzania hellet. Dêrneist giet Sybe wer mei Sake op paad. Sake fertelt oer de situaasje mei de earrebarren yn Fryslân.

LTV_DI_GOIJUM_080398_WR

Di Gojim: in Jiddyske meldij

08 Maart 2020

Di Gojim makket Klezmermuzyk, Jiddyske brullofts-en dûnsmuzyk. We sjogge by repetysjes en optredens. Jaap Mulder en Tseard Nauta fertelle oer it begjin fan de band en ek de oare leden komme oan it wurd. Klezmermuzykkenner Wim Bloemendaal giet yn op de skiednis fan en ynfloeden op de muzyk.

Sybe Satellyt 0505

Sybe Satellyt 0505

17 Jannewaris 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Yn dizze ôflevering sjogge we hoe't noaren makke wurde by in fabryk yn Weesp. Sybe praat mei reedrydfabrikant Henk Vos en reedrider Rintje Ritsma. Sake Roodbergen stiet op it brechje yn Bartlehiem en praat oer fûgels yn wintertiid.