Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SUNDER_TREIN_LAM_SLEIN_210496_WR3.mxf

Sûnder trein lam slein: it spoar tusken Ljouwert en Starum

21 April 1996

Portret fan reizgers op de spoarline Ljouwert-Starum, guon reizgje al tsientallen jierren mei de trein. It is in needsaaklike ferbining foar middelbere skoalberm en wurknimmers. Ein jierren sechtich drige sluting foar de spoarline, mar dat waard opkeard.

LTV_MINIMUM_230397_WR

De striid om it minimum: portret fan in wao'er

23 Maart 1997

De Wâlden is fan âlds in streek mei in soad earmoede en in hege wurkleazens. Noch altyd ha minsken yn de gemeente Achtkarspelen gemiddeld minder te besteegjen as op oare plakken. Boadzer en Tjits Bruining fertelle har ferhaal, se ha it net breed. Boadzer wie earder strjitmakker, krige letter wurk as konsjerzje op in skoalle mar ferlear syn baan troch besunigings. Hy is foar in part arbeidsûngeskikt ferklearre en no driget wer in koarting. In beswier is oantekene. Ek minsken fan ynstânsjes en de wethâlder komme oan bod.

Sadwaande: hûs bouwe, toskepoetse en nierdialyze

Sadwaande: hûs bouwe, toskepoetse en nierdialyze

07 Jannewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: hûs bouwe, toskepoetse en nierdialyze.