Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Jûn fan in helpsinteklaas

Jûn fan in helpsinteklaas

05 Desimber 1997

Sinteklaas is en wie altyd al in drok man en dêrom hat er in leger oan helpsinterklazen. Yn in reportaazje foar Boppedat waard helpsinteklaas Haije de Jong in jûn folge.

ABD-sjoo 0303

ABD-sjoo 0303

18 Novimber 2003

Yn de tredde ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Klaeter út De Hoeve en De Striepe út Aldeholtpea it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by de hûneskoalle yn Snits, it bertehûs fan Gysbert Japicx yn Boalsert en biste-asyl De Wissel yn Ljouwert. Te gast binne Richard Mastenbroek en Mark Knobbe, se ha in mangrovevaraan by har. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Sjoch mar: Kwintetten

Sjoch mar: Kwintetten

22 Desimber 1997

Yn dizze útstjoering fan Sjoch Mar: in kwintettentoernoai yn it Hearrenfean.