Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: 't Gilde op It Hearrenfean

Wurktiid TV: 't Gilde op It Hearrenfean

05 Febrewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de gearwurking fan 't Gilde op It Hearrenfean. Ferskate bedriuwen wurkje gear om wurkleazen fia in oplieding wer oan it wurk te krijen. Juf Ekie Altena fan pjutteboartersplak De kleine wereld yn Dokkum is bêste kollega. Twa minsken dogge in oprop foar wurk op it arbeidsburo yn Dokkum en NNDI, Noord-Nederlandse Draadindustrie, yn Dokkum hat twa fakatueres.

It Fryske Lânskip 3: Gaasterlân

It Fryske Lânskip 3: Gaasterlân

09 Desimber 1986

Yn de tredde útstjoering fan ‘It Fryske lânskip’ hat Leny de Vries it oer it Gaasterlân. Freark Smink nimt ús mei nei de heuvels fan de súdwesthoeke fan Fryslân.

LTV_30_MINUTEN_SUNENSSOARCH

30 Minuten sûnenssoarch: petear tusken Bruno van Albada en Tseard Tijmstra

05 Febrewaris 1995

Yn dizze útstjoering prate âld-hûsdokter en âld-sikehûsdirekteur Bruno van Albada en medysk sosjolooch en dosint Tseard Tijmstra mei inoar oer de sûnenssoarch. Se beprate wat der allegear feroare is yn de soarch en de foar- en neidielen fan foarútgong, nije ynsjoggen en kwaliteit fan libben.