Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sinteklaasyntocht yn Snits

Sinteklaasyntocht yn Snits

12 Novimber 2005

Yn 2005 wie de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Fryslân. Tsientûzenen minsken kamen nei Snits om Sinteklaas te sjen. De bern wiene wol senuweftich om’t it der even op like dat Sinteklaas net komme soe. Hy wie de wei kwyt…

LTV_40jier-tryater_v3_doku_WR

40 jier Tryater

11 Septimber 2005

Fjouwer artistike lieders sjogge werom op 40 jier Tryater: Thom van der Goot (1980-1985), Guido Wevers (1985-1990), Peter te Nuyl (1990-1993) en Jos Thie (1994-2003). Se fertelle oer de krêft fan it selskip, de kar fan it repertoire, de kar tusken tradysje en fernijing en wat se as hichtepunten beskôgje. Mei argyfbylden fan stikken as Abe (1995), De feint fan twa masters (1986), It Kersehôf (1993), Boeren stjerre (1987), De ûndergong fan Fryslân (1991), Pak 'm Stanzi (1999), Achter de Tobbe (1988), Kening Lear (2003).

LTV_Portret_drafbaan_Wolvegea

Drafbaan Wolvegea

08 Jannewaris 2006

De drafbaan yn Wolvegea stiet faai, troch jildtekoart, fergrizing en bestjoerlike problemen. Hoe lang kinne der noch wedstriden en koersen hâlden wurde? It nije bestjoer hat in plan betocht dat de rêding wurde moat. We sjogge by de koersen, de tariedingen, de minsken dy't op de hynders wedzje en by de trainingen fan de hynders.