Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0206

Tûkelteammen 0206

04 Novimber 2003

Sporters dizze kear yn de teams fan Tûkelteammen. Yn team 1 judoka Nynke Klopstra en Dick Eisma fan Aldehaske en yn team 2 duersportster Mariska Kramer en Hyltsje Smedes fan Sumar.

LTV_LUIEHOND_FR

Luie Hond

20 Jannewaris 2002

Luie Hond is in Nederlânsktalige reggaeband út Ljouwert dy't op it punt fan trochbrekken stiet. De groep bestiet út: Andries van Wieren, Joris Mous, Wyno Bruinsma, Marco van der Leest, Arjen Bras en Arjan Kiel. We folgje se by optredens yn Ljouwert en Enschede en de leden fertelle oer it ûntstean fan de band. Ek kultuerwethâlder Arno Brok, Sjouke Nauta (Friesland Pop) en sjoernalist Jacob Haagsma komme oan it wurd oer de popkultuer.

IENOPIEN_190105_PIETER_ANNE_WR

Ien op ien: Pieter Sijpersma / Anne Vegter

19 Jannewaris 2005

Sjoernalist Pieter Sijpersma praat mei berneboekeskriuwster en dichter Anne Vegter oer har wurk en har jeugd as dûmnysdochter yn Surhústerfean.