Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Ids Postma

Fan fan: Ids Postma

20 July 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Ids Postma it himd fan it liif frege troch de suskes Hennie en Jetty de Vries. Se moetsje de reedrider op syn pleats yn Dearsum.

180706_SADWAANDE_OER_FUGELS_24_03_1999.mp4

Sadwaande: Fûgels

24 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer fûgels. We sjogge by in parkiteman dy't al 40 jier parkiten hâldt en der ynternasjonaal sukses mei hat. Mei fûgelteller Romke Kleefstra binne we yn it lân om de guozzen te tellen en we prate mei neisoargers by Grou. De konservator fan it Fries Natuurmuseum fertelt allerhanne saken oer fûgels.

LTV_DUVELS_DILEMMA_150401_WR

Duvels dilemma

15 April 2001

Yn dizze dokumintêre út april 2001 wurdt Joop Atsma folge, dy't him doe as twaddekeamerlid foar it CDA ynspande foar oplossingen yn de tongblierkrisis dy't dan spilet.