Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LANKUMER_BINNENBAND

De Lankumer binnenband

12 Desimber 1993

Portret fan de Lankumer binnenband, de band fan bewenners fan Groot Lankum, it psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer. Under muzikale begelieding fan Sytse Broersma (letter fan De Kast) sjogge we by optredens fan de groep dy't sjongt en muzyk makket. Wille, eigenwearde jaan, oaren fermeitsje en ferbining binne de kearnwurden fan de groep. We sjogge by de cd-opname yn de studio en de offisjele presintaasje.

LTV_DI_GOIJUM_080398_WR

Di Gojim: in Jiddyske meldij

08 Maart 2020

Di Gojim makket Klezmermuzyk, Jiddyske brullofts-en dûnsmuzyk. We sjogge by repetysjes en optredens. Jaap Mulder en Tseard Nauta fertelle oer it begjin fan de band en ek de oare leden komme oan it wurd. Klezmermuzykkenner Wim Bloemendaal giet yn op de skiednis fan en ynfloeden op de muzyk.

LTV_GERRIT_TERPSTRA_FR_060501_WR

Wat kaam, wie en fergie: Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra

06 Maaie 2001

Portret fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra. We sjogge yn syn atelier yn Heech dêr't er fertelt oer syn fassinaasjes, ynspiraasje, deiwurkboeken en wurk. Syn freonskip mei byldzjend keunstner Gerrit de Wilde (wurket yn Makkum) komt te praat en De Wilde fertelt er wat him oansprekt yn it wurk. Mei skriuwer Eppie Dam wurke Terpstra ek gear, Dam fertelt deroer. En we sjogge Terpstra dwaande mei in tentoanstelling yn it tsjerkje fan Ginnum.