Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0204

Tûkelteammen 0204

21 Oktober 2003

Yn dizze taalkwis nimt it team fan âld-keatser Sake Porte en Tjitze Schippers fan Lippenhuzen it op tsjin it team fan âld-fierljepper Rimmer Abma en Alie Visser fan Terwispel.

LTV_JOSSE_DE_HAAN_FR_290401_WR

Skriuwerslibben Josse de Haan

29 April 2001

Portret fan Frysk skriuwer Josse de Haan, berne yn 1941. We sjogge him yn syn bertedoarp Peins, dat yn syn boek Piksjitten op Snyp in grutte rol spilet en we sjogge him yn Hendaye, dêr't er wennet yn Baskelân. Ek al sit er op ôfstân, hy folget de Fryske literatuer op de foet en skriuwt yn syn memmetaal.

Krystman yn de bus

Krystman yn de bus

21 Desimber 1995

In bytsje mear fleurichheid yn it bedriuw FRAM kin gjin kwea, tocht bussjauffeur Broer Smedes. In pear dagen foar krysttiid 1995 ried dizze man ferklaaid as krystman yn de bus tusken Ljouwert en Drachten.