Wâldrock 1999
In protte leven wer hjoed yn Burgum. It Wâldrockfestival gong dêr fan 'e middei los. Sa'n 5.000 hardcore en heavymetalfans kamen op it festival ôf. Sa'n 2.500 minsken minder as ferline jier. Under de besikers wol in spesjalen ien trouwens. Aad Bos fan de arbeidsynspeksje. Hy kontrolearret it festival op feilichheid, arbeidsoeren en fansels op desibels. Yn de streamende rein komme de minsken binnen. Net leuk fansels, mar de muzyk makket in hoop goed. Want dêr giet it harren om. En ek Bos. Hy rint al in pear dagen op it festivalterrein. De arbeidsynspeksje rjochtet him de lêst tiid mear op festivals wat arbeidsomstannichheden oanbelanget. En hjoed wie de desibelmjitter mei. De eardoppen yn, dat is ferplichte fan 90 desibel ôf. In advys foar it publyk dus, mar foar de frijwilligers ferplichte, mar net elkenien hâldt him deroan. It is de earste kear dat in festival yn Fryslân besite krijt fan de arbeidsynspeksje. Dat jout dochs wol wat druk, mar de organisaasje is net benaud. En fierders binne der dan ek net echt grutte problemen konstatearre. Utsein dat de elektrisiteitskasten sa iepene wurde koene. Mar de desibellen sil noch wol in diskusjepunt wurde sa foarseit Bos, en wurdt hardrock miskien soft.