LTV: De Griene Wei 1: Fúzje yn de suvel: Rinze Zijlstra
Yn dit programma praat Geart de Vries mei Rinze Zijlstra (1927-2017) oer de suvel. Yn dy sektor is fan alles te rêden, fan koöperaasje oant reorganisaasje, skaalfergrutting en gearwurking: CCF, Frico, Domo en Noord-Nederland. By boeren jout dat ûnrêst, we sjogge by boer Jouke Gerbrandy, hy wol net by de koöperaasje en by in 'fergaderboer' (spile troch Rense Westra). En we hearre oer ûnrêst by wurknimmers fan it suvelfabryk. Zijlstra wie belutsen by it boerebûn, suvelbûn. Hy wie Earste Keamerlid foar it CDA en boargemaster fan Smellingerlân en foarsitter fan de KNSB.