Frysk en Frij
It moanneblêd Frysk en Frij sit finansjeel yn swier waar. It eardere wykblêd en letter twawyklikse blêd krijt gjin provinsjale subsydzje mear, al binne der noch wol petearen. Meiwurkers fertelle oer de swierrichheden. De provinsje soe in ferburgen aginda hawwe om Frysk & Frij op te heffen. Oan it wurd komme ûnder oare Goasse Brouwer, Sjoerd van Aalsum en Geart-Hessel de Boer, mar ek deputearre Bertus Mulder en Ingrid Wagenaar fan de F-side. Dizze wyklikse Fryske side yn beide kranten wie bedoeld om nije Frysklêzers te winnen, dêr gie provinsjale stipe hinne. Ek komme lêzers en advertearders oan it wurd.