Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 1)
Programmamakker Piter Tjeerdsma praat mei Reinder Schaap, berne yn Dearsum, en no lânbou-attasjee yn Hong Kong. Hy fertsjinwurdiget it ministearje fan Lânbou en spilet dus in grutte rol by de suveleksport fan Nederlân. Sa hat hy derfoar soarge dat der Fryske produkten lykas de Dokkumer Fruit Muesli yn de supermerken fan Hong Kong te krijen binne. Tjeerdsma is yn Hong Kong en praat mei ferskate sakeminsken, mar ek mei Klaas Pekel, in Fries, dy't as kok yn Hong Kong wurket. Fierder befreget er bedriuwen yn Fryslân oer de eksport; hy praat mei Egbert Steenbeek fan de Kamer van Koophandel, Rommert de Jong fan it Dokkumer bedriuw en D.A. Woudstra dy't keallefleis eksportearret.