De jierren yn Appelskea; tbc-sanatoarium

06 Oktober 2002

Foar 1950 wie de kâns grut om oan tbc (tuberkuloaze) te stjerren. Pasjinten waarden opfongen en behannele yn sanatoaria, ien dêrfan stie yn Appelskea. Pasjinten en personiel fan Beatrixoord fertelle oer har ûnderfiningen dêr. Pasjinten moasten in soad lizze, yn de bûtenloft en mannen en froulju wienen fan inoar skieden. Ek Johan Stekelenburg wie in pasjint, as foarsitter fan it Nederlandse Tuberculose Fonds iepene er in tentoanstelling. Neist de ferhalen is in soad argyfmateriaal te sjen yn de dokumintêre. Yn 1962 waard Beatrixoord in refalidaasjesintrum; troch medisinen wienen der minder tbc-pasjinten.