De Opbou 1: De oanrin

10 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Nei de oarloch moast derfoar wurkgelegenheid soarge wurde, it regear kaam mei in plan en wiisde gebieten oan foar ûntwikkeling. Dêr siet ek it eastlike part fan Fryslân by, de earme Wâlden. Minsken moasten fan de lânbou nei de yndustry lokke wurde, der wie sels spesiaal in Frysk Polygoonpromofilmke makke.Tal fan oaren emigrearren nei Kanada, mar oaren moasten hjir oan it wurk. Jelle Zijlstra, earder minister fan Ekonomyske Saken, fertelt deroer en ek Albert Winsemius, hy betocht it yndustrialisaasjebelied. Drachten waard in yndustryplak en Philips boude in fêstiging dêr't skearapparaten boud waarden. Yn tsien jier tiid wie de wurkgelegenheid ferdûbele.