Folsgeare on-line: de striid foar breedbân-ynternet op it plattelân

12 Oktober 2003

Hûnderten doarpen op it plattelân ha gjin breedbân-ynternet. Grutte bedriuwen ynvestearje net yn dy lytse doarpen omdat dat net út kin. Op allerhanne plakken ûntstean inisjativen om in ADSL-netwurk of wat ferlykbers oan te bieden. We sjogge yn Nijlân, Seisbierrum en Drylts. Ek bedriuwen komme oan it wurd en de polityk fan de trije noardlike provinsjes prate oer in plan fan oanpak.