Lânskipsbyldhouwer: portret fan Ids Willemsma

07 Novimber 1993

In portret fan byldzjend keunstner Ids Willemsma. We folgje him by it ta stân kommen fan it keunstwurk op de Marrumer seedyk, fan ûntwerp en skaalmodel oant de levering fan it materiaal en it te plaksetten troch in grutte kraan. It wurk, dat letter bekend waard as it timpeltsje fan Ids, is yn opdracht fan Wetterskip Fryslân makke, as ôfsluting fan de dykferswierring. Foar Ids is it in hommaazje oan de dikebouwer. We sjogge him oan it wurk yn de loads yn Hallum, by de einen, lústerjend nei klassike muzyk yn syn selsmakke deadskiste, en oan it skeelerjen. Hy fertelt oer syn earste wurk, in hûn fan hout dat er makke doe't er in jier as acht wie, oer oare wurken en it redensfabryk fan syn heit yn Akkrum, en as drager by in begraffenis yn Aldeleie.