Máxima, de besite

10 Oktober 2001

Yn 2001 makke prins Willem-Alexander mei syn oansteande, prinsesse Máxima, in toernee troch Nederlân om mei elkoar yn de kunde te kommen. Op 10 oktober die it pear Fryslân oan. Mei de keninklike bus kamen se moarns oan by it provinsjehûs yn Ljouwert dêr't se ûntfongen waarden troch kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels en boargemaster Loekie van Maaren. Fansels stie in soad publyk it pear entûsjast op te wachtsjen. Twa bern fan de Máximaskoalle yn Ljouwert mochten in blomke oanbiede en dêrnei gie it pear nei de steateseal. Doe gie it op nei it Van Hall ynstitút yn de haadstêd. By de rûnlieding seagen se by in wettersuveringsynstallaasje en preaunen se oranje-iis. De folgjende stop wie it Alvestêdebrechje yn Gytsjerk dêr't Willem-Alexander syn eigen tegel as reedrider W.A. van Buren opsocht. Yn it park by De Klinze yn Aldtsjerk wienen demonstraasjes fan fierljeppen en keatsen. De reis gie fierder, nei in koarte stop yn Hegebeintum, nei dakleaze-opfang De Terp yn Ljouwert. As lêste fear it keninklik pear mei it steatejacht Friso troch de Prinsetún nei stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert foar in resepsje en in liet fan Rients Gratama.