Reve yn Fryslân (diel 2): Nader tot U

24 Desimber 2006

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Hy skreau dêr it brieveboek Nader tot U, dat yn it Dútsk oerset waard en Reve bekearde him ta it roomsk-katolisisme. Der wie eins gjin kontakt tusken Reve en de Fryske literatuer, al hat Frysk skriuwer Trinus Riemersma wolris nei him ta west op syn brommerke. Reve trede op in dichtersjûn yn De Harmonie en krige doe spul mei Simon Vinkenoog. LC-sjoernalist Pieter de Groot fertelt deroer. Roomsk geastlike Antoine Bodar is fan fan it wurk fan Reve.