Ruiter redensfabryk yn Akkrum

23 Febrewaris 1992

Yn dit programma komt de skiednis fan it redensfabryk Ruiter yn Akkrum oan de oarder. Gauke Bootsma fan it Eerste Friese Schaatsmuseum fertelt oer it grutte tal typen reed dat Fryslân hân hat, elke doarpssmid makke syn eigen type. Yn de rin fan de njoggentjinde iuw kamen der fabrykjes, wêrûnder Ruiter yn Akkrum dy't ien fan de earsten wie. Neibesteanden fan de oprjochter ha de skiednis útsocht, yn 1919 bestelde it keninklik hûs in pear reden foar prinses Juliana. It fabryk makke in soad reklame en wûn ta fan prizen. De Alvestêdewinner fan 1929 ried op Ruiter-redens. De lettere baas Abe Willemsma fertelt oer de ferskate typen redens. Troch útbliuwende winters en goedkeape konkurrinsje út Japan moast it fabryk yn 1970 de doarren slute. Ek soan Ids Willemsma wurke yn it fabryk, dêr't ek noaren makke waarden. Yn it hiele programma sitte argyfbylden fan ridende minsken, koartebaan, prikslydje en Alvestêdetochten.