Wurktiid TV: Telekommunikaasje
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer telekommunikaasje. Hieltyd mear bedriuwen stappe oer fan in gewoane telefoansintrale nei in ISDN-sintrale. Dêrmei kinne ûnder oare grutte bestannen stjoerd wurde. By de fúzje fan ferskate wetterskippen stappe se ek oer.