Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_30_MINUTEN_FRYSKE_EKONOMY

30 Minuten Fryske ekonomy: petear tusken Frans Steijvers en Willem Verf

26 Maart 1995

Petear tusken (ôfgeand) deputearre Frans Steijvers (PvdA) en steatelid (GrienLinks) en skriuwer Willem Verf oer de Fryske ekonomy. Se prate ûnder oare oer yndustryterreinen, kapitalistyske ekonomy en wurkgelegenheid.

LTV_ROOMS_YN_FRYSLAN_2_250198_WR

Roomsk yn Fryslân: diel 2: De ropping

25 Jannewaris 1998

Yn dit twadde diel fan de trijelûk fertelle twa mannen dêr't se mei wrakselen yn har leauwe. Mebius Brandsma wie pastor, mar krige in relaasje en keas úteinlik foar de leafde. Meindert Krijnsen die de prysterstúdzje, mar keas úteinlik foar it ûnderwiis. Ek Bert van der Wal komt oan it wurd, hy folget de oplieding ta pryster.

LTV_WR_Eise-Eisinga

Eise Eisinga: it fenomeen fan Frjentsjer

15 Maaie 2005

Dramatisearre ferhaal oer it libben en wurk fan Eise Eisinga (1744-1828) en syn planetarium yn Frjentsjer. Eise waard berne yn Dronryp as soan fan in wolkjimmer, hy waard letter sels ek wolkjimmer. Om't er goed leare koe (fral rekkenjen) folge er lessen oan de Frjentsjer Akademy. Nei't in dûmny út Boazum foarsei dat de wrâld yn 1774 fergean soe as gefolch fan in bepaalde stân fan de planeten, betocht Eisinga om in bewegend planetarium te bouwen om sjen te litten dat dat net sa wie. Op it plafond fan de wenkeamer skildere er it hielal en de oerwurken boude er op souder.