Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SAMEN_OP_WEG_1_110499_WR

Samen op weg (1): Fan de oare kant

11 April 1999

Programma yn twa dielen oer it proses fan Samen op weg: de grifformearde en herfoarme gemeenten komme by inoar. We sjogge by de lêste tsjinst fan de grifformearde tsjerke yn Easterbierrum en by de frouljusferiening. Ek sjogge we yn Minnertsgea dêr't de herfoarmen en grifformearden mei-inoar fierder sille. In proses dat net altyd like maklik giet.

180628_SADWAANDE_16_05_2001_KEUNST.mp4

Sadwaande: Keunst

16 Maaie 2001

Dizze Sadwaande giet oer keunst. Wat hinget der by minsken thús oan de muorre? Guon sammelje keunst, oaren ha wat fan de Keunstútlien en wer oaren ha wurk as oantinken oan de muorre. We sjogge by byldzjend keunstner Irma Kamp en hearre fan Kie Ellens hoe't er keunstners begeliedt yn de saneamde WIK-regeling. In soad keunstners kinne net inkeld fan har wurk libje, Peter Bax yn Snits kombinearret dêrom keunstútlien, listemakkerij en galery mei elkoar. Prinses op learzens makket ek keunst fansels.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 3

Linkk Ekstra: Midsiuwen 3

28 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel trije oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Se fertelt oer figueren dy't fan ynfloed west ha yn de Midsiuwen, lykas Grutte Pier en Bonifatius. Se fertelt oer de striid dy't der wie tusken de Skieringers en de Fetkeapers en oer de stinzen.