Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

15 Oktober 2003

Programmamakker Evert van den Berg sjocht by it Friesch Dagblad, de krante bestiet 100 jier. Hy wol witte wa't de 20.000 leden-lêzers binne, hoe't de takomst fan it FD der útsjocht en hokker minsken dy krante meitsje. It is bekend dat de lêzers fan it FD gemiddeld net sa jong mear binne en dat de mearderheid kristlik is. Hy wie op besite by in FD-lêzersjûn yn Oerterp, op 'e redaksje, by de printers en ek by kollega's fan 'dy oare krante'.

LTV_BOER_KEARPUNT_BOUBOER_2_WEROMROP

Boer op in kearpunt: de bouboer

13 Oktober 1991

Yn twa dielen sjogge we by boeren dy't op in kearpunt steane. Yn dizze ôflevering stiet de bouboer sintraal. We sjogge by de famylje Siderius oan de Nije Biltdyk. Neist de jirpels en sipels kweke se no ek roazeplanten. Boubouren ha it dreech troch de legere prizen en de EEG-polityk. De ûnrêst soarge sels foar protesten dat boeren mei trekkers op it Binnenhof yn Den Haag stienen. Earder die heit alles mei de hân mar troch de meganisaasje kin de soan no alles allinne mei de masine dwaan. Hy sjocht ek by de Proefboerderij Kollumerwaard dêr't se nije rassen kweke.

LTV-Generaasjes-5-PiterWilkens-en-YmiebijdeLeij

Generaasjes 5: Ymie bij de Leij en Piter Wilkens

28 Oktober 2006

Ymie bij de Leij spile toaniel by it selskip Roel Nijboer en it Jorwerter iepenloftspul, mar song ek fral, û.o. by bigbands. De leafde foar muzyk hat se oerdroegen oan soan Piter Wilkens, de eardere timmerman dy't no fan syn muzyk libje kin. Syn nijste cd is ynspirearre op wurk fan Cornelis Vreeswijk. Ek Ymie makke op har 70ste noch in cd. Der wie altyd muzyk yn 'e hûs en beide kinne der net sûnder.