Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Frysk Festival: Media Mundi, groet oan de wrâld

Frysk Festival 4: Media Mundi, groet oan de wrâld

24 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Foar it projekt Media Mundi binne sân keunstners ferdield oer sân parten fan Fryslân en elk docht ferslach fia in eigen medium. De Rus Yuri Leiderman sit yn Britswert en wurket mei Geigertellers. Willem de Ridder makket in swalktocht oer de radio. Geert Duintjer wurket mei ynternet en Ramon van de Werken fertelt oer syn projekt.

Fan fan: Tonny de Jong

Fan fan: Tonny de Jong

07 Septimber 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt reedrydster Tonny de Jong it himd fan it liif frege troch Dieuwke van der Werf (12 jier). Se moetsje elkoar yn de sportskoalle.

ABD-sjoo 0207

ABD-sjoo 0207

18 Maart 2003

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ABD-sjoo de Hânwizer út Froubuorren tsjin de Lytse Mienskip fan Haskerhoarne.