Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

PETEAR_TJITTEPIEBENGA

It Petear: Tjitte Piebenga

10 Maaie 1994

Skriuwer en dichter Tjitte Piebenga is te gast by Bouke Oldenhof.

LTV_ANATEVKA_060995_WR

Anatevka

06 Septimber 1995

In reportaazje oer it iepenloftspul Anatevka yn Jorwert yn 1995, dat neffens de tradysje yn de notaristún opfierd is.

LTV_NEI_DE_RAMP_SRI_LANKA.mp4

LTV Nei de ramp, Fryske helpferlieners yn Sri Lanka

06 Febrewaris 2005

Sujan Singarajah fan Kollum fleant yn 2005 mei syn skoanheit Jan en omke Jochum Leijstra nei syn bertelân Sri Lanka, om dêr help te ferlienen nei de grutte tsunami. Se hawwe guod en jild mei dat se earder ynsammele hawwe, en sykje in goede bestimming dêrfoar. Geandewei wurdt hieltyd dúdliker hoe grut de ravaazje is dy't de floedgolf achterlitten hat. De manlju geane gelyk oan it wurk om in weeshûs wer bewenber te meitsjen. Sujan fynt in goede bestimming foar it jild fan in earder yn Fryslân hâlden ynsammelaksje.