Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Hans Vonk

Fan fan: Hans Vonk

14 Septimber 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Hans Vonk it himd fan it liif frege troch Theo Timmermans (8 jier) út Garyp. De keeper fan SC Hearrenfean komt by him op de fuotbalklup.

Monuminten yn Fryslan 1 De mûne fan Sleat

Monuminten yn Fryslan 1 De mûne fan Sleat

17 Novimber 1988

It is it lytste stedsje fan Nederlân, mar hat ek de measte monuminten fan Fryslân: Sleat. Yn diel ien fan it trijelûk oer monuminten yn Fryslân sjogge we yn ien fan de bekendste monuminten fan dit bysûndere stedsje, de mûne.

Skriuwers yn byld diel 4: Waling Dijkstra

Skriuwers yn byld diel 4: Waling Dijkstra

24 Maart 1988

De grutte man fan de Fryske Beweging Waling Dijkstra út Vrouwenparochie hâldt fan jongs of oan fan skriuwen. Yn 1848 kaam syn dream út. Syn earste individuele liederenbundel: Doaitse mei de Noardsce balke. Mar Dijkstra syn libben wie net altyd sa moai. Sjoch hjir mear oer yn de fjirde útstjoering fan 'Skriuwers yn byld'.