Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Edwin Steringa

Fan fan: Edwin Steringa

18 Novimber 1999

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Edwin Steringa it himd fan it liif frege troch Allard de Vries (10 jier) fan De Westereen. Hy moetet de judoka op de matte yn Oentsjerk.

Hjoed: Oranjegefoel EK 2000 moat noch komme

Hjoed: Oranjegefoel EK 2000 moat noch komme

05 Juny 2000

In wike foar de earste wedstryd fan it Nederlânsk alvetal op it EK 2000 tsjin Tsjechië is der noch gjin massale Oranjegekte yn Fryslân. It Oranjegefoel libbet mear yn de media en kommersje as by de man yn de strjitte. Henk te Biesebeek makke in reportaazje.

Fryslân Dok Alde Leije

Fryslân Dok Alde Leije

04 Jannewaris 1998

By de Alde Leije begjint foar de Alvestêdetochtriders it swiere stik tsjin de wyn yn nei Dokkum. Mar de ynwenners fan it doarp steane fan moarns oant jûns klear om harren dêr troch te skuorren. Omrop Fryslân makke tidens de tocht fan 1997 in portret fan dit doarp en de ynwenners.