Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De Nije Moanne: In oare koers

De Nije Moanne: In oare koers

27 Oktober 1991

We sjogge by de feroare baan yn Wolvgea, de lêste koers op draafbaan Lindenoord en de nije koers op Lindetrek. De Sweedske arsjitekt Lars Sandström fertelt oer de spesjale toplaach en baanfersoarger Hendrik Jonkman lit dat sjen. We sjogge by pikeur Joop Pool syn wurk mei de hynders, by de training en op de baan en feedokter Folkert van der Veen komt ek oan it wurd. Fierder sjogge we de gasten fan de baan, dy't komme foar de hynders en it gokken.

Baas Boppe Baas 0112: Swarte Skoansoan

Baas Boppe Baas 0112: Swarte Skoansoan

01 Jannewaris 2002

Afke hat in nije freon, in swarte jonge, Winston. Beant fynt it mar neat, sa'n bûtenlanner. Dan docht Winston wat wêrtroch Beant syn foaroardielen net wier blike te wêzen...

LTV_IN_YID_YN_FRYSLAN_070500_WR

In Yid yn Fryslân, in Fries yn Israel

07 Maaie 2000

We sjogge by de Joadske mienskip yn Ljouwert, fiering fan Pesach en Poerimfeest. En hearre fan Benno Troostwijk oer de skiednis, fan de Joadske skoalle en synagoge. Ies de Vries emigrearre út Fryslân nei Israel en fertelt oer syn libben dêr, as Joad fielt er him dêr thús. Ek sjogge we by in Joadsk begraafplak by Teakesyl en wat der oan argyf te finen is by it Ryksargyf en sjogge we by izerhannel Cohen, oprjochte yn 1868. Skriuwer Rink van der Velde fertelt oer syn tiid yn de kibboets. Syn dochter Wytske wennet dêr no.