Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fryslân Dwerstroch 0101: Fan it Waad ôf

Fryslân Dwerstroch 0101: Fan it Waad ôf

23 Augustus 1996

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel ien begjint se op it Waad en fertelt se oer eb en floed, de fûgels, seehûnen en skulpen. Dan giet se fierder oer de seedyk dêr't skiep rinne. Se praat mei ien dy't skieppetsiis makket. Fierder op har tocht sjocht se terpen en sjocht se by in mûnder.

Wyn op Woansdei: Ramsi

Wyn op Woansdei: Ramsi

21 Maaie 2003

Programmamakker Annet Huisman folget in dei lang Palestyn Ramsi. Dit kleurryk figuer yn Ljouwert is altyd dwaande mei it fuorjen fan fûgels. Net alle buertbewenners binne like wiis mei him. De bôle hellet er by restaurants wei en ûnderweis rêdt er alle rommel fan strjitte op.

Tûkelteammen 0102

Tûkelteammen 0102

08 Oktober 2002

Yn dit programma wurde twa teams fan twa minsken ferge op harren kennis fan it Frysk. It giet dan om de skriuwwize, mar ek binne der fragen oer de komôf fan guon Fryske wurden, de etymologyfragen. De kandidaten binne yn team 1: keamerlid Tineke Huizinga en Auke Hânsma; team 2: âld-topkeatser Sake Saakstra en Bert Kobus.