Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180717_SADWAANDE_ARGEOLOGY_29_09_2000.mp4

Sadwaande: Archeology

29 Septimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer archeology. Provinsjaal archeolooch Gilles de Langen fertelt oer fynsten yn eardere terpen, lykas de ferneamde fibula fan Winaam. We sjogge by ôfgravingen, ûnder oare by de Aldehou dêr't in parkearkelder komme moat. We sjogge by it wurk fan archeologysk advysburo Raap dat grûnmeunsters nimt. En we sjogge by detektor-amateurs, se fine benammen in soad munten. Prinses op learzens giet op ûndersyk út yn de dunen.

LTV_GRIENEWEI_2_010490

LTV: De Griene Wei 2: Ofskied fan in regisseur: Guido Wevers

01 April 1990

Yn dit programma praat Geart de Vries mei Guido Wevers, artistyk lieder en regisseur by Tryater. It is in ôfskiedsynterview dêr't yn werom sjoen wurdt op de ôfrûne 4 jier. Wevers komt út België, wat hat er mei taal en it Frysk. We sjogge twa koarte fragminten fan twa stikken ûnder syn regy: Boeren stjerre en De feint fan twa masters. Ek sjogge we by de repetysje fan Mefisto en by in repetysje fan in kursus fan amateurtoaniel. De eardere lieder fan Tryater Pyt van der Zee fertelt oer Wevers syn perioade by Tryater.

IENOPIEN_120105_ROB_EILDERT_WR

Ien op ien: Rob Pieters / Eildert Meeter

12 Jannewaris 2005

Sjoernalist Rob Pieters befreget skûtsjeskipper Eildert Meeter oer syn libben, it skûtsjesilen en wat him dêr sa yn lûkt.