Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

20 Juny 1998

Yn Hjoed fan 20 juny 1998 is de offisjele betinking fan Fryslân 500 te sjen. Dat wie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert yn bywêzen fan prinsesse Margriet. Kommissaris Loek Hermans faget de flier oan mei de minsken dy't krityk ha op Fryslân 500. Fryske organisaasje boykotte de betinking. Neffens Hermans is 1498 in kearpunt yn de skiednis en hat it de basis lein foar ús bestjoersfoarm. Yn de dêropfolgjende reportaazje is te sjen dat oan de oprop om te flagjen net folle gehoar jûn is. Yn Bitgum wapperet de swarte flagge oan de tsjerketoer, in inisjatyf fan de koster.

Wurktiid TV: Slachter

Wurktiid TV: Slachter

06 Novimber 1996

De baan fan de wike yn Wurktiid TV is learling slachter. Slachter Adema út Ljouwert leit út wat de funksje ynhâldt. Distillearder Boomsma út Ljouwert besiket mei har wodka foet oan de grûn te krijen yn Amearika. We sjogge by it fabryk en J. Boomsma fertelt oer syn ambysjes. De tip fan de wike komt fan de Keamer fan Keaphannel: meitsje in ûndernimmersplan.

180628_SADWAANDE_17_01_2001_FERKEARSFEILIGENS.mp4

Sadwaande: Ferkearsfeilichheid

17 Jannewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer ferkearsfeilichheid. In meldpunt sammelet gefaarlike diken, lykas de dyk by Easterein dêr't skoalbern fytse op in smelle dyk en frachtweinen hurd ride. We prate mei deputearre Piet Bijman, leare fan in rydynstrukteur wat we dwaan moatte ast mei de auto yn de berm rydst. Yn Drachten krije skoalbern les yn de ferkearstún. Prinses op learzens fytst troch de stêd, komt dat goed?