Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_RETOUR_LJOUWERT_BERLYN_DOUWE_HEERINGA

Retoer Ljouwert-Berlyn mei muzyk fan Douwe Heeringa

25 Desimber 1994

Programma mei lieten fan Douwe Heeringa dy't er ek sjongt, yn Ljouwert en Berlyn. Hy fertelt oer syn leafde foar de Dútske stêd en we sjogge de toeristyske hichtepunten mar ek de skaadkanten fan de stêd.

Baas Boppe Baas 0208: Krekt beukers

Baas Boppe Baas 0208: Krekt beukers

20 Septimber 2016

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Sjoerd is net mear sa lokkich mei syn wurk. Hy is oan in ‘sabatical’ ta fynt er sels. Dan komt der in fantastyske oanbieding fan in bistedokter út it bûtenlân. Grypt hy de kâns?

LTV_LJOUWERT_031295_WR

Ljouwert: waar een middelgrote stad groot in kan zijn

03 Desimber 1995

Programma oer de (finansjele) misstannen fan de lêste 20 jier fan it politike bestjoer en it amtlik apparaat. It giet om in analyze nei in soad petearen, soms anonym. Amtners wienen te heech ynskaald, der wie in jierrenlange achterstân yn jierrekkens en der wienen miljoenen om te ferdielen. Ek waarden baltsjes nei elkoar ta skood, ûnder oare by de stedsûntwikkeling.