Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MINSKELIBBEN_TINY_HOFSTEDE_280399_WR

In Minskelibben: Tiny Hofstede

23 Maart 1999

Geart de Vries praat mei Tiny Hofstede, wykferpleechkundige. As jong famke wist se al dat se suster wurde woe. Se fertelt oer har wurk en de feroaringen dy't se meimakke.

LTV_DICHTERS

Fryske dichters om utens

11 Desimber 1994

Yn dit programma komme trije Fryske dichters om utens oan it wurd, se prate oer it Frysk, oer har wurk en wat har dwaande hâldt. Cor van der Wal komt fan Ljouwert en wennet yn Grins, foar syn bondel út 1991 krige er de debutantepriis. Hy skriuwt benammen nachts, is ynteressearre yn astrology en mei graach yn it kafee sitte. Feyo Schelto baron Sixma van Heemstra wennet yn Loosduinen by Den Haag, it Frysk hat er fan hûs meikrigen. Hy wie inisjatyfnimmer fan Operaasje Fers en wurke by tydskrift Quatrebras. Syn roman 'Leafdedea' út 1963 publisearre er ûnder pseudonym Homme Eernstma.

RIENOLDPOSTMA_WR2

De wrâld fan Rienold Postma

21 April 2002

Portret fan byldzjend keunstner Rienold Postma. Hy hat in nij atelier oan hûs yn Weidum, earder skildere er op de sliepkeamer boppe mar dat waard te lyts. Hy fertelt oer syn wurk en ynspiraasjeboarne. Leafde foar dowen brocht him oan it tekenjen. Earder skreau er ek ferhalen mar dat docht er net mear. Ek eksposearjen docht er net, hy jout syn wurk yn boeken út.