Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Máxima, de besite

Máxima, de besite

10 Oktober 2001

Yn 2001 makke prins Willem-Alexander mei syn oansteande, prinsesse Máxima, in toernee troch Nederlân om mei elkoar yn de kunde te kommen. Op 10 oktober die it pear Fryslân oan. Mei de keninklike bus kamen se moarns oan by it provinsjehûs yn Ljouwert dêr't se ûntfongen waarden troch kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels en boargemaster Loekie van Maaren. Fansels stie in soad publyk it pear entûsjast op te wachtsjen. Twa bern fan de Máximaskoalle yn Ljouwert mochten in blomke oanbiede en dêrnei gie it pear nei de steateseal. Doe gie it op nei it Van Hall ynstitút yn de haadstêd.

Skriuwers yn byld diel 2: Gysbert Japicx

Skriuwers yn byld diel 2: Gysbert Japicx

05 Maart 1988

Gysbert Japicx is de bekendste Fryske renaissancesskriuwer. Hy wurdt ek wol de heit fan de Fryske literatuer neamd. De skriuwer út Bolswerd wie skoalmaster en skreau ferhaaltsjes, lieten en ferskes. Yn de twadde útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' krije jo in byld fan syn libben.

ABD-sjoo 0308

ABD-sjoo 0308

20 April 2004

Yn de achtste ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen St. Michaëlskoalle út Harns en De Toermalijn út Frjentsjer it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we hoe't it der om en ta giet by ballonfarren. Te gast is Richard Mastenbroek mei in tal skyldpodden. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).