Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Keuken yn It Wiid

Wurktiid TV: Keuken yn It Wiid

23 Oktober 1996

Yn Wurktiid TV is der in fakatuere fan sous-chef by It Wiid yn Earnewâld. Yn bedriuwsnijs sjogge we by ekologyske bakker Bolhuis yn Jobbegea. En der wurdt wat ferteld oer de stichting De Commisseur.

Fytsalvestêdetocht 2001

Fytsalvestêdetocht 2001

04 Juny 2001

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2001 gie net troch fanwege de tongblierkrisis. Mar dochs fytse in tal minsken de tocht op eigen manneboet.

Tritigers 0202: Jild

Tritigers 0202: Jild

09 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it twadde diel fan de twadde searje in reportaazje oer fuotballer Johan Abma.